• Home
  • Over ons
  • Laatste nieuws
  • Agenda
  • Vogelwacht
  • Jeugdvogelwacht
  • Contact
  • Links
Menu
Algemeen
Geschiedenis
Taken
Organisatie
Nieuws van het bestuur
Financiën
Zorg voor de vogels
Leden
Gebied
Contact
Lid worden
Foaropwurd
troch Laurens Potijk, foarsitter

Boereferstân

De natuer hat ferlet fan boereferstân. Mar ja, wat is it boereferstân fan eartiids no noch fan wearde?
Ik tink in bulte, werom? Omdat wy it doe net sa mâl foar eagen hiene.
Seker sjoen it ferskaad oan natuer om ús hinne. It liket faaks fier fuort, mar likernôch sechstich jier ferlyn hiene wy mear oandacht en tiid foar de natuer. Wij wiene folle minder hastich en drok mei ús wolfeart.
Faaks ek gau tefreden? Hiene wy ek minder divedaasje? Hjoed de dei sjogge wy yn wat de reaksje fan de natuer op ús fûgels hat. Mar ek op ús as minsk. Fan meditaasjes yn it grien oant de griene gevels en tekken dy yn opkomst binne.
Jawis, mei de droege hjitte simmersyn it foarút, kinne wy de temperatuer mei grien ferleechje. Mei al de donkere stiennen en swarte dakpannen wêrmei wy hjoeddeistich huzen bouwe, makkest it allinnich hiel lestich. Dan is it net sa frjemd dat der ynset wurde moat op it koeler meitsjen fan huzen yn de simmer. Sjogge wy hjir en dêr wol wyte gevels krekt as yn it suden fan Europa. Mar de sinnepanelen binne noch wol altiid swart, wat logysk liket.
Ek ús ljippen blyke yn de maaitiid graach op maislân te brieden. Dêr soe it opwaarmjen fan de swarte grûn ek in wichtige rol yn wêze kinne. Seker ek it opfandeljen fan fretten giet dêrmei mei minder muoite. De pykjes hawwe ferlet fan waarmte yn de iere maaitiid. Yn it kâlde wiete gers ferpieterje se oars gau. Dêrom is it saak it boereferstân te brûken. Ferskaad oan biotoop wêr wy de hân yn hawwe is tige wichtich foar it neiteam. Ek wy as minsk moatte foar ús neiteam it boereferstân no brûke. Foar wa dy al it boereferstân brûkt, tige tank út namme fan de natuer.

Neist de allerbêste winsken foar 2020, winskje ik jimme in soad wille mei it jierferslach.

Laurens Potijk